Hillerød (gemeente)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hillerød is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 oprjochte en bestiet út de gearfoeging fan de folgjende gebieten:
- de eardere gemeente Hillerød;
- de eardere gemeente Skævinge;
- it Uvelse Valgdistrikt fan de gemeente Slangerup.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Hillerød | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Denemark |
regio | Haadstêd |
boargemaster | Kirsten Jensen |
sifers en geografy | |
haadplak | Hillerød |
ynwennertal | 50.650 (2018) |
oerflak | 213,46 km² |
skiednis | |
oprjochte | 2007 |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.hillerod.dk/borger |
Slute
It doedestiidsk yn de gemeente Slangerup lizzende Uvelse Valgdistrikt stimde op 15 jannewaris 2005 yn in referindum yn mearderheid (56,9%) foar oansluting by de gemeente Hillerød. It referindum bleau ynearsten sûnder folgen om't de gemeente Slangerup in mearderheid fan 75% easke. Lykwols kamen de partijen oerien in nij referindum út te skriuwen mei it prinsipe fan in gewoane mearderheid. De stimming fûn op 26 april 2005 plak en 54,6% keas op 'e nij foar Hillerød.