Hidjas
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hidjas (Arabysk: الحجاز, [al-ħiʤa:z], sekuerdere transliteraasje: al-Ḥiǧāz, wat letterlik "de barriêre" betsjut), is ien fan 'e histoaryske kriten fan it Arabysk Skiereilân. De regio beslacht tsjintwurdich de bercheftige westkust fan Saûdy-Araabje, mar wie foar 1932 in ûnôfhinklik lân. De grutste stêd yn 'e Hidjas is de havenstêd Djedda, mar fan folle gruttere betsjutting binne de stêden Mekka en Medina, dy't mear yn it binnenlân lizze en yn 'e islaam in hillige status genietsje. Mei troch de jierlikse hadj of beafeart nei Mekka is de befolking fan 'e Hidjas fan tige heterogene oarsprong.