![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/be/Long_Valley_Road_gate%252C_Hidden_Hills%252C_California.jpg/640px-Long_Valley_Road_gate%252C_Hidden_Hills%252C_California.jpg&w=640&q=50)
Hidden Hills (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hidden Hills is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles, oan 'e westgrins fan Los Angeles County. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wennen der doe krapoan 1.900 minsken, wêrûnder in protte akteurs út 'e filmyndustry fan Hollywood en oare ferneamde Amerikanen. Hidden Hills stie ferskate kearen boppe-oan op 'e ranglist fan rykste stêden fan 'e Feriene Steaten.
Fluch de feiten
Hidden Hills | ||
![]() | ||
De Long Valley Road-poarte nei Hidden Hills | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.856 (2010) | |
Oerflak | 4,4 km² | |
Befolkingsticht. | 424,4 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Oar | ||
Stifting | 1961 | |
Postkoade | 91302 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 34°10′03″N 118°39′39″W | |
Offisjele webside | ||
www.hiddenhillscity.org | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Hidden Hills yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute