Hidden Figures (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hidden Figures is in Amerikaanske histoaryske biografyske dramafilm út 2016 ûnder rezjy fan Theodore Melfi, mei yn 'e haadrollen Taraji P. Henson, Octavia Spencer en Janelle Monáe. De titel is in wurdboarterij, mei't it "Ferburgen Sifers" betsjutte kin, mar ek "Ferburgen Figueren" yn 'e sin fan persoanen. De film is loskes basearre op it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Margot Lee Shetterly. It ferhaal giet oer trije froulike Afro-Amerikaanske wittenskippers dy't wier bestien hawwe en dy't yn 'e 1960-er jierren wichtige bydragen leveren oan 'e ferwêzentliking fan it romtefeartprogramma fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA. Hidden Figures waard oer it algemien mei tige positive resinsjes ûntfongen troch de filmkritisy en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard yn 2017 nominearre foar trije Oscars en twa Golden Globes en wûn in Saturn Award, in Satellite Award en in Screen Actors Guild Award.
Hidden Figures | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Theodore Melfi | |
produsint | Donna Gigliotti Peter Chernin Jenno Topping Pharrell Williams Theodore Melfi | |
senario | Allison Schroeder Theodore Melfi | |
basearre op | it non-fiksjeboek fan Margot Lee Shetterly | |
kamerarezjy | Mandy Walker | |
muzyk | Hans Zimmer Pharell Williams Benjamin Wallfisch | |
filmstudio | Fox2000 Pictures Chernin Entertainment Levantine Films | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Taraji P. Henson Octavia Spencer Janelle Monáe | |
byrollen | Kevin Costner Kirsten Dunst Jim Parsons Glen Powell Mahershala Ali | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 desimber 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | hist. biografyske dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $236 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award 1 × Satellite Award 1 × SAG Award |