Nederlânsk dichter From Wikipedia, the free encyclopedia
Hiëronymus van Alphen (Gouda, 8 augustus 1746 — Den Haach, 2 april 1803) is bekend as dichter, en dan fral troch syn gedichten foar bern. Hy wie de soan fan Johan van Alphen, riedslid yn de froedskip en skepen fan Gouda, en Wilhelmina Lucia van Alphen. Hy wie in pakesizzer fan de Utertse heechlearaar Hiëronymus van Alphen. De Hieronymus van Alphen Priis is nei him ferneamd.
Yn totaal hat Van Alphen mar 66 gedichten foar bern skreaun. Van Alphen skreaun trije dichtbondels foar syn bern (’Ziedaar, lieve wigtjes! Een bundel gedigtjes’). Hy joech se yn 't earstoan anonym út. Se waarden ek yn Dútslân, Frankryk, Ingelân en Nederlânsk-Ynje útjûn. Guon binne yn it Frysk oerset. Likernôch skreaun er it meast fromme poëzy foar folwoeksenen en keunstteoretyske en religieuze beskôgings. Hy wie fan betinken dat bern boartsjendewei leare moatte koenen. ’Mijn speelen is leeren, mijn leeren is speelen, En waarom zou mij dan het leeren verveelen?’ dichte er. Alden binne fermoedsoenjend foar harren bern oer, at jo mar earlik en oprjocht binne: ‘Kom Keesje lief! hou op met krijten, Zei moeder toen: 'k Wil u dien misslag niet verwijten, Hij kreeg een zoen.’
Syn bernegedichten wiene ienfâldich opset en hiene strakke rymskemas, dat se wiene maklik út de holle te learen. Boppedat wie it faak it bern sels dat sei wat syn stribjen wie en wêr't er in ôfgriis fan hie:
Syn bekendste gedicht is De Pruimeboom (1779).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.