Herodes de Grutte
From Wikipedia, the free encyclopedia
Herodes I (Hebriuwsk: הוֹרְדוֹס, Modern: Hordos, Tiberiaansk: Hōreḏōs; Koinē Gryksk: Ἡρῴδης Hērǭdēs), om 72 f.Kr. hinne – 4 of 1 f.Kr., ek bekend as Herodes de Grutte wie in Romeinske fazalkening fan Judeä. Hy waard ferneamd om syn grutte bouwurken yn Judeä, sa as bygelyks it ferbouwen fan de Twadde Timpel yn Jeruzalim, it útwreidzjen fan de Timpelberch nei it noarden, de Grot fan de Patriarchen by Hebron, it bouwen fan de haven yn Caesarea Maritima, de boargen by Masada en Herodium. In wichtige boarne dy't oer syn libben oerlevere is, is it wurk fan de Joadske skriuwer Flavius Josefus. Herodes wurdt ek neamd yn it evangeelje fan Mattéus yn it Nije Testamint as de kening fan Judeä, dy't de bernemoard yn Betlehim hiet yn de tiid fan de berte fan Jezus, hoewol't in mearderheid fan skiedkundigen net leauwe dat dat foarfal wier barde. Skiedkundigen binne ferdield oer syn neilittenskip. Guon sjogge syn hearskippij as in súkses en oaren sjogge it as in wrede tyranny.
Herodes de Grutte Herodes I | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Ofbyld fan Herodes de Grutte | ||
nasjonaliteit | Joadsk | |
bertedatum | om 72 f.Kr. hinne | |
berteplak | Idumeä | |
stjerdatum | maart, april 4 f.Kr. (neffens Schürer jannewaris, april 1 f.Kr. tradisjoneel | |
stjerplak | Jericho, Judeä | |
etnisiteit | Edomitysk | |
Fazalkening fan Judeä | ||
amtsperioade | 37 f.Kr. - 4 f.Kr. neffens Schürer 36 f.Kr. - 1 f.Kr. tradisjoneel | |
foargonger | Antigonus II Mattatias | |
opfolger | Herodes Archelaus Herodes Antipas Filipus de Tetrarch Salome I |
Nei Herodes syn dea ferparten de Romeinen syn keninkryk ûnder syn trije soannen en syn suster: Herodes Archelaus waard etnarch fan Judeä, Samaria en Idumeä; Herodes Antipas waard tetrarch fan Galileä en Pereä; Filipus de Tetrarch krige gebieten benoarden en beëasten de Jordaan en Salome I krige it gea mei de stêden Javne, Asdod en Phasaelis.