From Wikipedia, the free encyclopedia
De herfoarme tsjerke fan it Noard-Hollânske plak Heechwâld is ien fan 'e tsjerken fan 'e protestantske gemeente Midden Westfryslân. Fan it tsjintwurdige gebou binne de ûnderste dielen fan 'e toer fan 'e goatyske nijbou fuort nei 1472. It tsjerkeskip datearret fan it lêste fearn fan 'e 17e iuw en it boppeste diel fan 'e toer mei de spits binne yn 1886 tafoege.
Herfoarme tsjerke fan Heechwâld | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Opmeer | |
plak | Heechwâld | |
adres | Radboudstrjitte 1 | |
koördinaten | 52° 42'N 4° 56'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1674 | |
boustyl | lette gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | tsjerke 31794 [1] toer: 31795[2] | |
Webside | ||
Side PKN-gemeente Midden Westfryslân | ||
Kaart | ||
Hoe fier de skiednis fan 'e tsjerke yn Heechwâld werom giet is net wis, mar tsjin it lêste fearn fan 'e 15e iuw waard de besteande tsjerke ferboud ta in krústsjerke. Dat barde nei it ynstoarten fan 'e toer op 18 juny 1472. De âlde tsjerke wie wijd oan Marije, mar de ferboude krústsjerke waard wijd oan Jehannes de Doper. Noch flak foar de reformaasje krige de tsjerke it patrosinium fan de berte fan Jehannes de Doper. Nei de reformaasje waard in âld Marije-alter fan de yntusken protestantske tsjerke noch jimmeroan in soad besocht troch katoliken.
Yn 1674 waard de tsjerke troffen troch grut ûnheil doe't in stoarm de âlde toer en in diel fan de tsjerke ferneatige. Boumaster Thys Janssoan fernijde de tsjerke en út dy tiid datearret de hjoeddeiske letgoatyske sealtsjerke mei in fiifsidich koer.
Alhoewol't de tsjerke mei de reformaasje oergyng yn protestantske hannen, bleau in foars diel fan Heechwâld trou oan de âlde leare. De katoliken tsjerkten tenei yn in skûltsjerke en in houten tsjerke, oant yn 1821 in nije stiennen tsjerke boud waard, dy't yn de jierren 1863-1865 ferfongen waard troch de nije trijeskippige krústsjerke yn it súdlike diel fan Heechwâld.
De tsjerke is yn de jierren 1966-1967 restaurearre.
It doopfont fan de tsjerke datearret noch fan foar de reformaasje en is 15e-iuwsk. De preekstoel mei it doopstek binne 17e-iuwsk. Foar de preekstoel oer stiet de hearebank út 1634. De trije grutte kroanen binne ek 17e-iuwsk en fierder is der noch in Wetsboerd út 1687. De tsjerke is ryk oan âlde grêfsarken.
De klok dy't yn de toer hinget waard yn 1650 getten fan twa âldere klokken en oerlibbe de stoarm fan 1674.
De tsjerke hat in oargel fan de firma L. van Dam & Sn. út 1878.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.