![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/ad/Kilpeck_Angel_carving.jpg/640px-Kilpeck_Angel_carving.jpg&w=640&q=50)
Herefordshireskoalle
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Herefordshireskoalle is de namme dy't de Poalsk-Ingelske keunsthistoarikus George Zarnecki joech oan in ûnderstelde aparte groep fan master-stienhouwers dy't yn de 12e iuw yn de kriten fan it Herefordshire en Worcestershire fan no (in Ingelân) arbeiden. Harren ûnderskiedende Romaneske sânstien- en kalkstienskulptueren wurde fûn by ferskate parish-tsjerken yn dy kontreien, fral yn Kilpeck, mar ek yn Eardisley, Shobdon en Castle Frome yn Herefordshire en Rock (Worcestershire). Totaal binne goed 20 tsjerken dekorearre mei skulptueren yn de styl fan de Herefordshireskoalle.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/ad/Kilpeck_Angel_carving.jpg/320px-Kilpeck_Angel_carving.jpg)
It wurk, religieuze en mystike ôfbylden, hat in ferskaad oan kultuerele boarnen; Normandyske militêre figueren, Saksyske bisten en Keltyske abstrakte patroanen wurde dêryn byelkoar brocht. Hoewol't it meast om religieuze foarstellings giet, kin it wurk fan de Herefordshireskoalle ek boartlik wêze en út en troch sels de ûntuchtige kant útskaaie.
Yn de literatuer wurde twa byldhouwers fan de skoalle by namme neamd: Chief Master en Aston Master. Beide hawwe in dúdlike eigen styl.