![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/19/Hendaye_Plage.jpg/640px-Hendaye_Plage.jpg&w=640&q=50)
Hendaye
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hendaye (Baskysk: Hendaia) is in Frânsk stedsje yn it departemint Pyrénées-Atlantiques en yn Frânsk-Baskenlân tsjin de grins mei Spanje oan. It plak hat sa'n 12.000 ynwenners. Hendaye lûkt in protte toeristen en is goed te berikken fanwege it TGV-stasjon yn it plak. Krekt oer de grins leit Irun yn Spaansk Baskenlân.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/19/Hendaye_Plage.jpg/640px-Hendaye_Plage.jpg)
Op 23 oktober 1940 moeten Hitler en Joachim von Ribbentrop de Spaanske generaal Franco en Ramón Serrano Súñer yn Hendaye. It stedsje wie doetiids part fan Vichy-Frankryk.