Hear Gawain en de Griene Ridder
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hear Gawain en de Griene Ridder, yn it oarspronklike Midingelsk Sir Gawayne and the Grene Knyght, is in let fjirtjinde-iuwske Arthurleginde en ridderroman yn 'e foarm fan in epysk gedicht yn alliterative fersen, skreaun troch in ûnbekende auteur. It komt fuort út 'e eardere Welske, Ierske en Ingelske literêre tradysjes en jout benammen omtinken oan 'e wichtigens fan ear en ridderlikens. Oant hjoed de dei ta hat it yn 'e Ingelsktalige wrâld in beskate populêrens beholden yn 'e moderne werjeften fan û.m. J.R.R. Tolkien en Simon Armitage. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2001.
Fluch de feiten
Hear Gawain en de Griene Ridder | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Sir Gawayne and the Grene Knyght | |
auteur | anonimus | |
taal | Midingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | ridderroman, epos | |
skreaun | ein 14e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Hear Gawain en de Griene Ridder | |
publikaasje | 2001, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 9 07 35 54 73X |
Slute