Heak om Ljouwert
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Heak om Ljouwert is in ferlizzing fan Rykswei 31 tusken de ein fan de A31 by Marsum en it begjin fan de Wâldwei by it knooppunt Werpsterhoek.
Mear ynformaasje Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen ...
Slute
Yn 2008 leit dizze ferbining noch fuort ten suden en westen fan Ljouwert, wat soarget foar ferkearsopstoppingen yn de spits troch ferminging fan trochgeand ferkear mei ferkear dat de stêd yn en út giet. Boppedat rint de wei no dwers troch it gebiet wêr't de kommende jierren wurke wurdt oan it nije stedsdiel De Súdlannen, dat ûnderdiel is fan de ferstêdlikingsopjefte oant 2020 dy't Ljouwert steld is troch it Ryk en de provinsje Fryslân.