Hawaï (eilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hawaï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wɑ:i:], likernôch: "huh-ûaa-ii"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vaiʔi], likernôch "huh-vai-y") is it grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan dy't nei dit eilân ferneamd is. Teffens is it it grutste eilân fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, dy't nei de arsjipel ferneamd is. Mei in oerflak fan 10.432,5 km² is Hawaï grutter as alle oare Hawaï-eilannen mei-inoar. Feitliks is it nei de beide haadeilannen fan Nij-Seelân it grutste eilân fan hiele Polyneezje. Dêrfandinne stiet Hawaï ek wol bekend as the Big Island ("it Grutte Eilân"), in namme dy't faak brûkt wurdt om betizing mei de arsjipel of de steat foar te kommen. De grutste stêd op it eilân is Hilo, dat teffens it bestjoerssintrum is.
Hawaï | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Hawaï | |
haadplak | Hilo | |
grutste plak | Hilo | |
sifers | ||
ynwennertal | 185.000 (2010) | |
oerflak | 10.432,5 km² | |
befolkingstichtens | 17,7 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –10 | |
simmertiid | gjin simmertiid | |
offisjele webside | ||
www.co.hawaii.hi.us |