Harry Houdini
From Wikipedia, the free encyclopedia
Harry Houdini (berne as Erik Weisz; letter Ehrich Weiss of Harry Weiss; Boedapest, 24 maart 1874 – Detroit, 31 oktober 1926) wie in Hongaarsk-Amerikaansk yllúzjonist en stuntman fan Joadsk komôf, dy't wrâldferneamd waard as boeienskening, fanwegen syn spektakulêre ûntsnappingstrúks. Hy toerde mei syn foarstelling troch Noard-Amearika, Jeropa en Austraalje, en makke dêr syn fortún mei. Dêrnjonken wied er ek aktyf as akteur, filmprodusint, publisist en ûntmaskerder fan sjarlatans en oplichters. Hy stoar frij jong, as gefolch fan in blinetermûntstekking dy't er te lang gewurde litten hie.
Fluch de feiten
Harry Houdini | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Harry Houdini yn 1899. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Erik Weisz (letter Ehrich Weiss) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 maart 1874 | |
berteplak | Boedapest (Hongarije) | |
stoarn | 31 oktober 1926 | |
stjerplak | Detroit (Michigan) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | stuntman, gûchelder, akteur | |
medium | teäter, stomme film | |
jierren aktyf | 1891 – 1926 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute