Yndusbeskaving
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Yndusbeskaving wie in heechûntwikkele beskaving yn de âldheid (± 3300-1300 f.Kr.), mei in bloeitiid fan 2600–1900 f.Kr. It rûn fan in gebiet lâns de Yndus en de Ghaggar-Hakra rivier, no yn Noardwest-Yndia en diels Pakistan. De Yndusbeskaving waard pas ûntdekt yn de jierren tweintich fan de 20e iuw en is frijwol allinnich út talleaze archeologyske opgravings bekend; dêrneist binne der mar inkele Sumearyske ferwizingen nei in saneamd "Meluhha", dy't hjirop wize koene. De wichtichste archeologyske fynplakken binne Harappa en Mohenjodaro yn Pakistan.
De Yndusbeschaving stiet ek bekend as Harappabeskaving (nei Harappa, de earste opgroeven stêd yn de regio). Benammen yn de Angelsaksyske wrâld wurdt de term Indus-Sarasvatî Civilisation of Sarasvati-Sindhu Civilisation brûkt. Hjirby wurdt ferwiisd nei de Vedische beskaving, bekend út de Vedyske literatuer, dêr't se mei lyksteld wurdt. Dy soe neffens dizze âlde geskriften lâns de Sarasvaty rivier bloeid hawwe, al wit men no de lizzing fan dizze rivier net seker.[1] Neffens guonnens[2] is de Indusbeskaving sa potinsjeel kandidaat as lokus foar it Proto-Dravidysk.
De woartels fan de religy sa't dy no troch de Hindûs belibbe wurdt, lizze yn de Yndusfallei. In beskaving dy't ± 3500 - 1500 foar Kristus bestie út no foar it meastepart Pakistan.
It hindoeïsme hat him benammen om 1000 foar Kristus ûntwikkele. De oarsprong fan it hindoeïsme is te finen 3500 foar Kristus, it begjin fan de Yndusfallei beskaving. De veda’s en oare geskriften fan dizze beskaving ûntwikkele har ta libbenswize dy't wy no noch kenne. Yn it begjin fan de jierren tweintich waarden oerbliuwsels fûn fan in heechûntwikkele beskaving. Archeologen diene opgravings by Mahenjodaro en Harappa yn de Yndusfallei. Op segels fan spekstien waarden religieuze teksten fûn. Op de segels waarden neist teksten ek ôfbylden fûn fan bygelyks in frouljusfiguer dy't in poppe it boarst jout, in Memmegoadinne. Op in oare segel is in man mei krúste skonken te sjen, wat op yogamiditaasje wiist.
Wat wy oer de Yndusfallei beskaving witte, is basearre op materiële oerbliuwsels. De opgravingen yn de Yndusfallei hat de oarsprong fan it hindoeïsme bleat lein.