Hans Michael Frank (Karlsruhe, 23 maaie 1900 - Neurenberch, 16 oktober 1946) wie in Dútske abbekaat, nazy-politikus, generaal fan de SS (SS-Obergruppenführer), en ien fan de meast grutte oarlochsmisdiedigers fan de Twadde Wrâldkriich. Efter inoar wie er lid fan de Ryksdei, ryksminister sûnder portefeuille, rykskommissaris foar lykskeakeling fan de justysje, presidint fan de ynternasjonale Rechtskammer en fan de Akademie für deutsches Recht, haad fan it boargerlik bestjoer fan Lodz, opperste bestjoerder fan de militêre gebieten West-Prusen, Posen, Lodz en Krakau en fierders gûverneur-generaal fan de besette Poalske gebieten.
Yn it Proses fan Neurenberch bekende er lang om let skuld, as ie fan mar in pear. Ha waard op 1 oktober 1946 ta de dea feroardield fanwege oarlochsmisdieden en misdieden tsjin de minsklikens. Hy waard op 16 oktober 1946 yn Neurenberch ophong.
Literatuer
- Niklas Frank: Der Vater: eine Abrechnung (Nederlânske titel: Vader, ik haat je). C. Bertelsmann, München 1987, ISBN 3-570-02352-4
- Martyn Housden: Hans Frank: lebensraum and the Holocaust. Palgrave Macmillan, Houndmills / New York 2003, ISBN 1-4039-1579-2
- Christian Schudnagies: Hans Frank: aufstieg und Fall des NS-Juristen und Generalgouverneurs. Lang, Frankfurt am Main u.a. 1988, ISBN 3-631-40622-3
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hans Frank fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.