From Wikipedia, the free encyclopedia
Johanna Hendrika Elisabeth (Hanna) Beekhuis (Ljouwert, 24 septimber 1889 – Bloemendaal, 2 febrewaris 1980) wie in Nederlânsk komponiste en pianiste.
Hanna Beekhuis | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Hanna Beekhuis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johanna Hendrika Elisabeth Beekhuis | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 septimber 1889 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 2 febrewaris 1980 | |
stjerplak | Bloemendaal | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Klassike muzyk | |
ynstrumint | Piano |
Se waard berne as dochter fan advokaat en prokureur mr. Cornelis Beekhuis en Johanna Catharina van Giffen. Pake Christiaan Houdijn Beekhuis wie ficepresidint fan it gerjochtshôf yn Ljouwert; har beppe wie Geesje Feddes skriuwster fan de brosjuere Gelijk recht voor allen! oer de de ûngelikense posysje fan troude froulju. Suster Geesje Houdijn Beekhuis wie keunstneres. Herman Bieling hat har yn in portret fêstlein (Nei Hanna Beekhuis). Yn de Twadde Wrâldoarloch wenne se yn Switserlân, se wie dêr doe't de oarloch útbriek. De lêste jierren brocht se troch yn in tehûs foar âlde minsken yn Bloemendaal. Se waard kremearre op Driehuis-Westerveld.
Beekhuis studearre by Peter van Anrooy, Dirk Schäfer, Frits Schuurman en ek yn it bûtenlân by Otto Barblan (Genêve) en oan it konservatoarium fan Keulen. Sy die eineksamen piano. Dêrnei foarme sy in trio mei To van der Sluys (sang) en Johan Feltkamp (fluit) en trede sy ferskate kearen op mei Nederlânske orkesten yn konserten fan Mozart, dy't har favorite komponist wie.
Yn har komposysjes gie sy faak út fan in tekst, in byld of stimming. It wurk fan Strawinsky, Debussy en Ravel wienen ynspiraasjeboarnen foar har.
Se wie ien fan de oprjochters fan "Kunst in intiemen kring", in stimulâns foar útfieringen fan nije (Nederlânske) muzyk.
In kar:
Yn 1951 waard har Cupidootje bekroand en yn 1961 krige sy in gouden medalje en in earediploma yn Buenos Aires foar Reflets du Japon.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.