![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/27/Rembrandt_prophet_hannah.jpg/640px-Rembrandt_prophet_hannah.jpg&w=640&q=50)
Hanna (profetesse)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De profetesse Hanna (roomsk-katolike namme; by protestanten bekend as Anna; * 90 f. Kr. yn Israel; † nei 5 f. Kr. yn Israel), is in bibelsk figuer út it Nije Testamint. Har namme betsjut 'de begenedigde'.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/27/Rembrandt_prophet_hannah.jpg/320px-Rembrandt_prophet_hannah.jpg)
Rembrandt van Rijn, 1631.
Yn Lukas 2:36-38 wurdt Hanna as de 84 jier âlde widdo beskreaun, dy't altiten yn 'e timpel fan Jeruzalim te finen wie en dêr God dei en nacht mei bidden en fêstjen tsjinne. Hja wie in joadinne en de dochter fan Fanuel út de stamme fan Azer. Op iere leeftyd hie hja nei har jongfammetiid sân jier troud west.
Lykas earder Simeon herkende Hanna by de presintaasje yn 'e timpel Jezus as de ferlosser en fertelde dat oan alle minsken, dy't hopen op in befrijing fan Jeruzalim.
Hanna is de iennige profetesse dy't it Nije Testamint neamd. Har lofsang is net lykas de lofsang fan Simeon wurdlik bewarre bleaun, mar kin as in befêstiging fan wat Simeon oer Jezus sei beskôge wurde.