![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b0/PietEsserHanHoekstra1957.jpg/640px-PietEsserHanHoekstra1957.jpg&w=640&q=50)
Han G. Hoekstra
From Wikipedia, the free encyclopedia
Han Gerard Hoekstra (De Haach, 4 septimber 1906 - Amsterdam, 15 april 1988) wie in Nederlânsk dichter dy't ek in protte gedichten foar bern skreau.
Han G. Hoekstra | ||
![]() | ||
![]() | ||
Piet Esser & Han G. Hoekstra (1957) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Han Gerard Hoekstra | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 4 septimber 1906 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 15 april 1988 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | gedichten, berneboeken | |
bekendste wurk(en) | Gouden rige | |
prizen | Constantijn Huygenspriis (1972), Jacobson-priis (1985) |
Han G. Hoekstra gie yn De Haach nei de Kweekskoalle, mar gie dêrnei oan it wurk as sjoernalist. Fan 1945 oant 1971 wurke er by it deiblêd Het Parool. Hy siet doe ek, mei ûnder oaren de Parool-kollega's Annie M.G. Schmidt en Simon Carmiggelt, by it sjoernalistekabaret De Inktvis.
Hy waard, ek mei Schmidt, troch útjouwerij De Bezige Bij frege om de Amerikaanske bernerige de Gouden Boekjes oer te setten. Hy skreau ek sels in tal ôfleverings foar de rige, doe't dy langer net út oersettings bestienen, mar ek Nederlânske skriuwers mei eigen wurk meidwaan koenen.
Hoekstra bleau it meast ferneamd as dichter en skriuwer fan bernepoëzy. Yn it earstoan skreau er de berneferskes alinne foar syn eigen bern. Yn 1972 krige Hoekstra de Constantijn Huygenspriis foar syn folsleine oeuvre.