Hamme is in gemeente yn de Belgyske provinsje East-Flaanderen. Hamme leit op it plak dêr't de Durme útmûnet yn de Nederskelde yn in hast flak polderlânskip mei as heechste punt 6 meter.
Hamme | ||
Gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | East-Flaanderen | |
arrondissemint | Dendermonde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25.141 (2022) | |
Oerflak | 40,53 km² | |
Befolkingsticht. | 620 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9220 (Hamme & Moerzeke) | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 5' N 4° 8' E | |
Offisjele webside | ||
www.hamme.be | ||
Kaart | ||
Yn 2022 hie de gemeente goed 25.000 ynwenners. Ynwenners fan Hamme wurde 'Hammenaars' neamd, de ynwenners fan Moerzeke hjitte Moerzekenaars.
De namme fan it plak komt nei alle gedachten fan ham, in gebiet dat jimmeroan wer op it wetter werom wûn waard. Fynsten fan foar en út de Romeinske tiid wize op âlde delsettings út dy tiid. Om de 7e iuw hinne ûntstie it doarp as in Frankyske delsetting, nei't Reinhild fan Kontich in skinking die oan de Benediktinen fan de Abdij fan Lobbes.
Yn de midsiuwen kaam it gebiet ûnder de greve fan Flaanderen en letter de Spaanske kroan. Oant 1560 bleau it in grevedomein, doe't it as hearlikheid oerdroegen waard oan Pieter fan Overloop. De hearlikheid bestie oant de Frânske tiid en wie op in rige it eigendom fan de famyljes Verreycken, de Silva, de markys van Montfort, de l'Escornet en De Vos.
It doarp hie slim te lijen ûnder de godstsjintsstriid en wie doe hast folslein protestantsk woarn. Mar it Spaanske bewâld waard yn de Tachtichjierrige Kriich wer op 'e nij ynsteld. Doe't de Frânsen tsjin it ein fan de 18e iuw de krite besetten kaam de befolking troch it anty-tsjerklike bewâld en de ynfiering fan de tsjinstplicht yn opstân.
De befolking wurke sûnt de 18e iuw foar in wichtich part yn de produksje fan tou, dat makke waard fan de yn 'e krite ferboude himp en flaaks. Tou waard û.o. brûkt foar de skipfeart, en de gaadlike lokaasje fan de haven fan Antwerpen soarge foar genôch fraach. Om 1900 hinne wurken tûzenen minsken yn dy yndustry, mar nei 1950 kaam der in ein oan de bloei. Ek de stielkabelyndustry rekke yn it neigean, nei't yn 'e jierren 1980 dy nei Portugal ferdwûn. Tsjintwurdich wurkje in soad ynwenners bûten de eigen gemeente.
Tusken 1904 en 1952 hie Hamme in tramferbining me de lofter kant fan Antwerpen en mei Wetteren.
Yn 1977 fusearre Hamme mei Moerzeke ta de fúzjegemeente Hamme.
Under de hjoeddeiske gemeente Hamme falt ek de dielgemeente Moerzeke. Bûten it sintrum fan Hamme falle noch twa doarpen: Sint-Anna en Zogge. Hamme bestiet út trije parochy's: de âldste parochy is dy fan Sint-Pietersbanden en fierder hat Hamme noch de parochy Hillige Famylje yn de wyk Drie Goten en de parochy Hillich Hert. De parochy Kastel falt yn de dielgemeente Moerzeke.
# | Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (31/12/2005) |
---|---|---|---|
I (III) (IV) | Hamme - Hamme - Sint-Anna - Zogge | 23,61 14,86 4,29 4,46 | 18.874 16.488 812 1.574 |
II (V) | Moerzeke - Moerzeke - Kastel | 16,77 9,78 6,99 | 4.360 2.960 1.400 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.