Hailey (Idaho)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hailey is in stêd yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Idaho. It is sûnt 1895 it haadplak fan 'e county Blaine; foartiid wie it fan 1882 oant 1895 it haadplak fan 'e ophefte county Alturas. De stêd is neamd nei John Hailey, in lid fan it Amerikaanske Kongres foar it doetiidske Territoarium Idaho.
Fluch de feiten
Hailey | ||
De fuotbalfjilden fan Hailey. | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | Blaine | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.960 (2010) | |
Oerflak | 9,45 km² | |
Befolkingsticht. | 2.180,8 / km² | |
Hichte | 1.621 m | |
Oar | ||
Stifting | 1882 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Offisjele webside | ||
www.haileycityhall.org | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Hailey yn Blaine County en yn Idaho. |
Slute
Hailey is benammen bekend om't it Friedman Memorial Airport (SUN) der sitewearre is, dat it skygebiet fan Sun Valley/Ketchum (19 km noardliker) betsjinnet, en as it berteplak fan 'e kontroversjele dichter Ezra Pound.