Habakuk (bibelboek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Habakuk, yn it oarspronklike Hebriuwsk: חבקוק, Ḥaḇakuk, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Habakuk in bibelboek op himsels, it 35ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).
Habakuk | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | חבקוק ("Ḥaḇakuk") | |
auteur | Habakuk (?) | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Nahum | |
● folgjend diel | Sefanja | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Habakuk | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It boek Habakuk omfettet de profesijen dy't taskreaun wurde oan 'e profeet Habakuk, oer wa't frijwol neat mei wissichheid te sizzen is, mei't er fierders inkeld yn it ferhaal Bel en de Draak, in taheakke op it boek Daniël, neamd wurdt. Neffens de joadske tradysje is hy deselde as de soan fan 'e Sjûnnemityske frou, dy't yn 2 Keningen 4:16 troch de profeet Eliza wer ta libben brocht wurdt. Mar op grûn fan 'e tekst fan it boek Habakuk, dêr't de opkomst fan it Nijbabyloanyske Ryk yn beskreaun wurdt (Hab. 1:6-11), kin fêststeld wurde dat de skriuwer dêrfan, oft dat no Habakuk wie of net, yn elts gefal folle letter libbe, yn 'e midden of de lêste helte fan 'e sânde iuw f.Kr. De âldst oerlevere ferzje fan it boek Habakuk heart ta de Deade-Seerôlen en wie dêr tafoege oan it apokrife Kommentaar op Habakuk. De earste folsleine Fryske oersetting fan Habakuk stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.