![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/0c/Church_of_st_george_cairo.jpg/640px-Church_of_st_george_cairo.jpg&w=640&q=50)
Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't teffens bekend is as it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Aleksanderje, it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Aleksanderje en Hiele Afrika en de Aleksandrynsk-Otterdokse Tsjerke (offisjeel, Gryksk: Πατριαρχεῖον Ἀλεξανδρείας καὶ Πάσης Ἀφρικῆς, Patriarcheion Alexandreias kaì Pasēs Afrikēs, "Patriargaat fan Aleksanderje en Hiele Afrika"). Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e yn it Egyptyske Aleksanderje residearjende (Gryksk-otterdokse) paus en patriarch fan Aleksanderje en Hiele Afrika (in titel dy't de haden fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke en de Koptysk-Katolike Tsjerke ek drage). It is it op ien nei âldste fan 'e fjouwer histoaryske patriargaten fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, al erkent it it nominale oekumenysk gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel. De tsjerke brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal, en hat tusken de 1,6 en de 1,7 miljoen leden.
Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksanderje | ||
![]() | ||
De Sint-Joaristsjerke yn Kaïro. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Patriargaat fan Aleksanderje en Hiele Afrika | |
stifting | 42 n.Kr. | |
ûnôfhinklik | 1054 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
erkenning | 1965 (Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
titel primaat | paus en patriarch fan Aleksanderje en Hiele Afrika | |
sit primaat | Aleksanderje (Egypte) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Hellenistysk Gryksk | |
ledetal | 1.650.000 (skatting, 2012) | |
webside | www.patriarchateofalexandria.com |