From Wikipedia, the free encyclopedia
Grutadmiraal is in histoaryske militêre rang by de marine. It is de heechste fan 'e fiif admiraalsrangen, ferlykber mei fjildmaarskalk of maarskalk by de lânmacht. Yn Nederlân hat dizze rang nea bestien, en yn oare lannen en territoaria komt er tsjintwurdich likemin mear foar. Wol bestiet by guon marines noch de ferlykbere rang fan admiraal fan de float.
De rang fan grutadmiraal kaam histoarysk foar yn 'e marines fan it njoggentjinde-iuwske Keninkryk Frankryk fan nei de Boerbonrestauraasje; it Keizerryk Dútslân (1901-1919); Eastenryk-Hongarije (1911-1918); nazy-Dútslân (1939-1945); en faksistysk Itaalje (1924-1946). Yn inkele oare lannen kaam de rang inkeldris foar. Sa waard er yn Sweden ferjûn oan 'e keningen Karel XIII en Oskar I en yn Perû waard yn 1967 Miguel Grau Seminario der postúm mei eare. Yn Turkije is grutadmiraal yn namme in marinerang, mar sûnt de oprjochting fan 'e Turkske Marinestriidkrêften yn 1923 hat noch nea immen dizze rang hân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.