Grienlânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
Grienlânsk, ek wol Kalaallisut, Grienlânsk Inuktitut of Grienlânsk Eskimoosk neamd, is de taal fan de eskimo's fan Grienlân. It is in Eskimo-Alejûtyske taal en bot besibbe oan Kanadeeske talen, sa as it Inuktitut. Sa'n 47.000 minsken yn Grienlân en likernôch 7000 yn Denemarken prate Grienlânsk. Grienlânsk is yn Grienlân de offisjele taal.