Greefskip Hollân
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
It greefskip Hollân wie in greefskip, dêr't de grinzen fan likernôch oerienkomme mei de tsjintwurdige provinsjes Noard- en Súd-Hollân sûnder de Súd-Hollânske eilannen mar mei de eilannen Skylge, Flylân, Urk en Skoklân, dy't lykwols letter oerhevele binne nei oare provinsjes.
It Frankyske ryk wie ûnder de Karolingers ûnderferdield yn goaen, dy't yn it Latynsk ek wol pagus neamd waarden. Guon fan dizze pagi waarden comitatus neamd, alhoewol't dat ek wol barde foar ôfsunderlike goaen. San gebiet waard troch in comes bestjoerd, in goagreve dy't troch de kening beneamd waard en troch him ek wer ôfsetten wurde koe. Dêrom stribje dizze lienmanlju nei erflikens fan harren funksje, wat stadichoan ek de regel waard en yn 877 legalisearre waard troch de Kapitulare fan Kwierzy. De macht fan de kening naam hjirtroch grif ôf en dy fan de greven ta.
Op it ein fan it bewâld fan de Frankyske kening Lodewyk de Fromme wie de keninklike macht troch oanhâldende ynfallen fan de Wytsingen en tsiere fan Lodewyk mei syn soans ferswakke. Nei de dea fan Lodewyk beliende syn soan Lotarius I de Deenske bruorren Rorik en Harald mei Fresia yn in poging de oanfallen fan de Wytsingen tsjin te hâlden. Dêrtroch naam de macht fan de goagreven fierder ôf. Sy moasten gearwurkje mei de Denen, mar yn 885 kaam der alwer in ein oan de Deenske oerhearsking troch de moard op Godfried de Wytsing, wêr Gerolf, comes Fresonum, de hân yn hie. As beleanning krige hy op 4 augustus 889 grutte besittings yn lien tawezen troch Eastfrankyske kening Arnulf en ek krige hy goederen yn fol eigendom. It gong om in gebiet bûten syn eigen greefskip Teisterbant, dat bestie út in oantal boerepleatsen en huzen yn únder oare Tiel, Aalburg en Asch. Dêrnjonken gong it om in gebiet yn syn eigen greefskip dat bestie út in bosk en boulân, lein tusken de mûning fan de âlde Ryn en (nei alle gedachten) Bennebroek, Suithardeshaga.
Yn 985 joech kening Otto III, op fersyk fan syn mem Theophanu in oantal gebieten yn eigendom (proprium) oan greve Dirk II dy't hy earder yn lien (beneficium) krigen hie. Dit wie it gebiet tusken de rivieren Liora (Lier) en Hisla (Hollânske IJssel) - Masalân -, villa Sunnimeri, it gebiet tusken de rivieren Medemelaka en Chinnelosara gemerchi - Kinmerlân - en Teksla.
It greefskip Hollân krige syn namme fan de eartiidske greve Durk V doe't hy syn gebiet Hollân neamen gie en it brûken fan de namme Fryslân stadichoan ophâlde. Neffens de oarkonden wie dat yn it jier 1076. Nei alle gedachten wie der in nije namme nedich omdat it gebiet ûnder ynfloed fan grutte natuerrampen, lykas de wettersneden en de foarfêste foarming fan de Sudersee, stadichoan net mear in geografyske ienheid foarme mei de tsjintwurdige provinsje Fryslân.
Al gau neame de earste boarnen it greefskip Hollân yn ien namme mei Seelân. Wierskynlik moat it apart neamen fan Seelân oantsjutte dat dit gebiet as in aparte ienheid beskôge waard. Al hat Seelân eins nea in eigen greefskip foarme.
Hollân hat in skoft in personiele uny foarme mei de greefskippen Henegouwen en Seelân. Yn 1299 waard dit útwreide mei West-Fryslân. Yn dat lêste jier naam de greve Jan II fan Hollân ek de titel oan fan hear oer West-Fryslân. De Fryske befolking yn dit gebiet wie in de jierren dêrfoar al ûnderwurpen oan it gesach fan de Hollândse greve Floaris V. Fermoedlik wie it gesach broazelich en om de befolking net te folle yn it harnas te jeien waard hjirmei it ôfsûnderlike karakter fan dit gebiet ûnderstreke.
It greefskip Hollân en West-Fryslân wie in greefskip dat diel útmakke fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1346 kamen dizze greefskippen yn besit fan it saneamde Hûs fan Beieren, oant Jacoba fan Beieren yn 1428 by de Soen fan Delft twongen waard har besit ôf te stean oan de Boergonjers. Under keizer Karel V makke it greefskip diel út fan de Santjin Provinsjes. Yn 1581 waard de Spaanske kening syn titel fan Greve fan Hollân ûntnommen (plakkaat fan Verlatinghe).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.