Grease (film)
film út 1978 fan Randal Kleiser / From Wikipedia, the free encyclopedia
Grease is in Amerikaanske histoaryske filmmusical en romantyske komeedzje út 1978 ûnder rezjy fan Randal Kleiser, mei yn 'e haadrollen John Travolta en Olivia Newton-John. De titel betsjut "Fet", yn dizze kontekst ferwizend nei hierfet (foar it stilearjen fan in fetkúf). De film waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1971. It ferhaal, dat spilet yn 1958, giet oer de fetkúfdragende noazem Danny Zuko, dy't smoarfereale rekket op it brave skoalfamke Sandy Olsson, mar dat net wêze wol foar syn freonen oer, de T-Birds. Sandy, dy't kwetst is troch Danny syn hâlden en dragen, wurdt ûnderwilens opnommen yn in fammegroep, de Pink Ladies, dy't ûnder lieding stiet fan 'e stoere Betty Rizzo.
Grease | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Randal Kleiser | |
produsint | Robert Stigwood Allan Carr | |
senario | Bronte Woodard | |
basearre op | de toanielmusical fan Jim Jacobs en Warren Casey | |
kamerarezjy | Bill Butler | |
muzyk | Jim Jacobs (lieten) Warren Casey (lieten) Michael Gibson (soundtrack) | |
filmstudio | Paramount Pictures Alan Carr Productions Robert Stigwood Organization Polydor Records | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | John Travolta Olivia Newton-John | |
byrollen | Stockard Channing Jeff Conaway Didi Conn Kelly Ward Dinah Manoff Michael Tucci Jamie Donnelly Barry Pearl | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 16 juny 1978 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | hist. romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $6 miljoen | |
opbringst | $396,2 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Grease | |
● folgjend diel | Grease 2 |
Grease krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en it wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1978. Yn 'e bioskopen wie Grease in fenomenaal súkses en groeide it út ta de meast opbringende film fan it jier en teffens ta de (doe) meast opbringende filmmusical aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar en fiif Golden Globes, mar wist gjin wichtige prizen te winnen. It súkses fan 'e film soarge foar it ûntstean fan 'e mediafranchise mei deselde namme, dy't begûn mei de ferfolchfilm Grease 2, út 1982. Yn 2020 waard Grease opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.