From Wikipedia, the free encyclopedia
Henry Gray's Anatomy of the Human Body, yn 't koart Gray's anatomy, is in standerdwurk op it mêd fan de minsklike anatomy. De earste ferzje is fan 1858 en is skreaun troch Henry Gray mei yllustraasjes fan Henry VanDyke Carter. It auteursrjocht fan de ferzje fan 1917 is ferrûn en dêrmei beskikber wurden yn it publike domein. Fan 1878 ôf ferskynde der neist de Britske ek in Amerikaanske edysje. Teffens kaam yn 2004 it learboek Gray's Anatomy for Students fan 1150 siden út, dat letter ek yn ûnder mear it Frânsk, Dútsk en Spaansk ferskynde.
De 40e edysje fan Gray's Anatomy waard yn septimber 2008 útbrocht. De nijste, 41e edysje waard op 25 septimber 2015 troch Elsevier útbrocht, sawol in printe ferzje en on-line ferzjes. Dy lêsten hawwe foar it earst ek anatomyske fideo's, kommintaren oer anatomyske ûnderwerpen en bygelyks nije ôfbyldsykmetoaden dêr't striderij oer is.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gray's Anatomy plates fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.