Grandview is in plak (city) yn Yakima County yn de Amerikaanske steat Washington. It hat in ynwennertal fan 10.862 neffens de folkstelling fan 2010. It leit 61 km eastlik fan Yakima en 61 km bewesten Kennewick.

Fluch de feiten
Grandview
Thumb
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatWashington.
CountyYakima County
Sifers
Ynwennertal10.862 (2010)
Oerflak16,34 km²
Befolkingsticht.673,2 / km²
Hichte245 m
Oar
TiidsônePacific (PST) UTC-8
SimmertiidUTC-7
Offisjele webside
www.grandview.wa.us
Slute
Thumb
Sintrum fan Grandview

Grandview krige syn namme yn 1906 om reden fan it grutte útsicht op de bergen Adams en Rainier. It plak krige stêdsrjochten op 21 septimber 1909. It ûntstie as (?) healweis it spoar tusken Sunnyside en Prosser. De ekonomy fan Grandview bestiet foar it grutste part út lânbou en de dêroan besibbe yndustry, lykas: apels, kjersen, druven, hop, asperzje, mais, weet, molkfee en oare plant- en fruitteelten en harren ferwurkingsfabriken.

Yn 2010 wennen der 10.862 minsken en 2996 hûshâldings, dêrfan 55,2% blanken, 0,9% swarten, 0,6% yndianen, 0,5% Aziaten, 0,1% pasifyske eilanners en 38,8% latino's. Der wiene 3163 wenten. It trochsneed hûshâldynkommen yn 2000 wie $32.588 en 20,3% fan de befolking libbe ûnder de earmoedegrins.

It plak leit oan de Interstate 82.

Keppeling om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.