![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/09/Beatrix_Prinsjesdag.jpg/640px-Beatrix_Prinsjesdag.jpg&w=640&q=50)
Gouden Koets (Nederlân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gouden Koets is de koets dêr't de Nederlânske kening of keninginne elk jier op Prinskesdei mei nei de Ridderseal fan it Binnenhof yn De Haach rydt om de troanrede út te sprekken.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/09/Beatrix_Prinsjesdag.jpg/640px-Beatrix_Prinsjesdag.jpg)
De Gouden Koets is makke fan Javaansk teakhout. Partenen derfan binne beklaaid mei blêdgoud. It reau is boud yn Hollânske renêssânsestyl en is beskildere mei allegoaryske foarstellingen. De koets waard ûntwurpen en boud troch de bruorren Spijker, de lettere autofabrikant.
De koets is in berline op acht fearren. Allinnich as it steatshaad de koets brûkt, mei er lutsen wurde troch in achtspan. Yn oare gefallen wurde seis hynders brûkt. De koets is diels fergulde en fersierd mei allegoarysk lofwurk. It byldhouwurk komt út it Atelier Van den Bossche en Crevels, de ferskate panielskilderingen binne fan de hân fan Nicolaas van der Waay. It ynterieur is fan siden petit-point-nillewurk. Dat borduerwurk waard foar in part dien troch famkes út weeshuzen. Oan beide kanten fan de staasjebok is it nasjonale rykswapen opnomd. De bok sels is beklaaid mei read lekken. De fjouwer tsjillen fan de koets symbolisearje sinnen. Op de kroanlist fan de koets binne de wapens fan de destiidske alve provinsjes fan Nederlân te sjen, mei it wapen fan de stêd Amsterdam, dy't de koets skonk.
De Gouden Koets wie in geskink fan de befolking fan Amsterdam oan Keninginne Wilhelmina. It jild foar de koets waar ynsammele troch de Vereeniging van het Amsterdamsche Volk tot het Aanbieden van een Huldeblijk aan H.M. Koningin Wilhelmina. De koets wie bedoeld as geskink by har ynhuldiging as keninginne op 6 septimber 1898. Wilhelmina woe lykwols gjin geskinken by gelegenheid fan har ynhuldiging oannimme en naam dêrom de koets in dei letter, op 7 septimber 1898, yn ûntfangst.
De keninginne woe graach stean kinne yn de koets, dêrfandinne de bûgde foarm fan de kroanlist.