Golf fan Tunis
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golf fan Tunis (Arabysk: خليج تونس (Bahr al-Tunis)) is in grutte golf fan de Middellânske See noardeastlik fan Tuneezje.
Fluch de feiten
Golf fan Tunis | ||
geografy | ||
type wetter | baai | |
lokaasje | noardkust fan Tuneezje | |
lân | Tuneezje | |
koördinaten | 37°0′ N, 10°30′ E | |
ûnderdiel fan | Middellânske See | |
sifers | ||
maks. lingte | 63 km | |
maks. breedte | 50 km | |
oerflak | ±3.000 km² | |
In satellytfoto fan 'e Golf fan Tunis. |
Slute
De haadstêd fan Tuneezje, Tunis leit oan de súdwest igge fan de golf, besuden Kaap Kartago. Noardeastlik fan Tunis lizze de ruïnen fan Kartago, no in diel fan Tunis.
De grins fan de Golf mei de Middellânske See is de line fan Kaap Farina (Ras et Tarf) yn it noardwesten, nei Kaap Bon (Rass Eddar) yn it noardeasten.
De rivier de Medjerda mûnet yn de Golf fan Tunis út.