Golem
From Wikipedia, the free encyclopedia
In golem (Hebriuwsk: גולם; útspr.: [ɡɔlɛm], likernôch: "gòl-lèm") is yn 'e Joadske folkloare in antropomorf (op 'e minske lykjend) mytysk wêzen dat alhielendal makke is fan dead materiaal (yn 'e regel klaai of modder) en dat dêrnei troch it gebrûk fan magy libben ynblaasd is. It wurd 'golem' komt yn it Hebriuwske orizjineel fan it Alde Testamint fan 'e Bibel foar yn Psalm 139:16 as galmi (גלמי), dat "myn golem" betsjut en ferwiist nei de ûnfoltôge minsklike foarm fan 'e skriuwer yn 'e eagen fan God. Fierders wurdt de term 'golem' yn 'e Mishnah brûkt foar in ûnbeskaafd persoan, in barbaar, wylst it wurd yn it moderne Hebriuwsk foarkomt yn 'e betsjutting fan "dom" en/of "helpeleas". Ek komt it foar yn it Jiddysk as goylem, dat in oantsjutting is foar in knoffelich of traach persoan.