Gieren fan de Alde Wrâld
From Wikipedia, the free encyclopedia
De gieren fan de Alde Wrâld foarmje twa ûnderfamyljes fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). Se binne fûgels fan Súd-Jeropa, Súd-Aazje en Afrika. De gieren fan de Nije Wrâld hearre net ta de famylje fan de haukfûgels en foarmje in aparte famylje (Cathartidae) yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De gieren binne iesiters en fuorje harren mei karkassen fan deade dieren. Folle gieren hawwe in keale of heal keale kop mei in pear fearren of allinnich in bytsje dûns. Dêrmei kinne se makliker de waarmte fan harren kop regelje.
Fluch de feiten
Gieren fan de Alde Wrâld | ||
lammegier (Gypaetus barbatus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | gieren fan de Alde Wrâld 1 (Gypaetinae) | |
ûnderfamylje: | gieren fan de Alde Wrâld 2 (Gypinae) | |
Slute