Ghostbusters (film út 2016)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ghostbusters, letter op thúsmedia útbrocht as Ghostbusters: Answer the Call, is in Amerikaanske horror- of fantasykomeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Paul Feig, mei yn 'e haadrollen Kristen Wiig, Melissa McCarthy en Kate McKinnon. De titel betsjut "Spûkefangers". It is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1984, mar dan mei froulju yn 'e haadrollen ynstee fan manlju. Ghostbusters wie bedoeld as in reboot fan 'e Ghostbusters-franchise. It ferhaal giet oer inkele froulike wittenskippers, dy't ûntdekke dat yn New York de ferskining fan spûken keunstmjittich opwekke wurdt troch in psychopaat dy't in trochgong forsearje wol tusken de geaste- en de minskewrâld.
Ghostbusters | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Paul Feig | |
produsint | Ivan Reitman Amy Pascal | |
senario | Katie Dippold Paul Feig | |
basearre op | de film út 1984 | |
kamerarezjy | Robert Yeoman | |
muzyk | Theodore Shapiro | |
filmstudio | Columbia Pictures Village Roadshow Pictures | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Kristen Wiig Melissa McCarthy Kate McKinnon | |
byrollen | Leslie Jones Chris Hemsworth Neil Casey Andy Garcia | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 july 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorkomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $144 miljoen | |
opbringst | $229,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Ghostbusters | |
● foarich diel | Ghostbusters II | |
● folgjend diel | Ghostbusters: Afterlife |
Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters oer it algemien positive resinsjes, mar de fans fan 'e oarspronklike film moasten der neat fan hawwe. Yn it ramt fan 'e oangeande kultueroarloggen yn 'e Feriene Steaten waard it feroarjen fan it geslacht fan 'e haadpersoanen troch in protte lju beskôge as in soarte fan links komplot, wat foar grutte kontroverse op 'e sosjale media soarge. Yn 'e bioskopen die Ghostbusters it mei in opbringst fan $229 miljoen hiel ridlik, mar omreden fan 'e ûnbidige marketingkosten kamen de belutsen filmstudio's net út 'e kosten en moat de film as in flop beskôge wurde. De plande ferfolchfilms kamen der dan ek net. Yn 2021 waard as folgjende film út 'e franchise Ghostbusters: Afterlife útbrocht, in direkt ferfolch op Ghostbusters út 1984 en Ghostbusters II út 1989. Dêrmei waard de nije Ghostbusters fan 2016 retcond.