Geriifbosk
From Wikipedia, the free encyclopedia
In geriifbosk is in lyts bosk dêr't eartiids it geriifhout, kaphout, wei helle waard dat yn en om it hûs of de pleats brûkt waard. Geriif betsjut 'te brûken', 'gemak'.
Geriifboskjes waarden faak troch boeren brûkt. It (kap)hout dat it opsmiet waard wol boeregeriifhout neamd. Somstiids wurdt frijwat min hout noch wolris sa oantsjut. In geriifboskje wurdt faak sûnder rjocht oansjoen foar in pestboskje.