![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/44/GeorgeStanleyMcGovern.png/640px-GeorgeStanleyMcGovern.png&w=640&q=50)
George McGovern
From Wikipedia, the free encyclopedia
George McGovern (folút: George Stanley McGovern; Avon (Súd-Dakota), 19 july 1922 – Sioux Falls (Súd-Dakota), 21 oktober 2012), wie in Amerikaansk politikus, diplomaat, histoarikus en skriuwer fan mingd Iersk-Skotsk etnysk komôf. Hy fertsjintwurdige de steat Súd-Dakota sawol yn it Hûs fan Offurdigen as yn 'e Senaat, en waard fral bekend doe't er it by de presidintsferkiezings fan 1972 as kandidaat foar de Demokratyske Partij om 'e nocht opnaam tsjin 'e sittende Republikeinske presidint Richard Nixon. Letter kaam by it Watergate-skandaal oan it ljocht dat Nixon McGovern en dy syn kampanje op fiergeande wize bespionearje litten hie en de op dy manear opdiene kennis brûkt hie om 'e ferkiezings te winnen. Dy iepenbierings laten ta de fal fan Nixon.
George McGovern | ||
![]() | ||
![]() | ||
echte namme | George Stanley McGovern | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 19 july 1922 | |
berteplak | Avon (Súd-Dakota) | |
stjerdatum | 21 oktober 2012) | |
stjerplak | Sioux Falls (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 2000 | |
Amerikaansk ambassadeur by de Itens- en Lânbou-organisaasje fan de F.N. | ||
amtsperioade | 1998 – 2001 | |
foargonger | Laurie Tracy | |
opfolger | Tony P. Hall | |
Amerikaansk senator foar Súd-Dakota | ||
amtsperioade | 1963 – 1981 | |
foargonger | Joseph H. Bottum | |
opfolger | James Abdnor | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 1ste Distrikt fan Súd-Dakota) | ||
amtsperioade | 1957 – 1961 | |
foargonger | Harold Lovre | |
opfolger | Ben Reifel |