Genesis (band)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Genesis wie in rockgroep út it Feriene Keninkryk dy't yn 1967 oprjochte waard troch Peter Gabriel, Mike Rutherford, Tony Banks, Anthony Phillips en Chris Stewart. De groep makke yn de santiger jierren namme yn de avant-garde fan de popmuzyk mei dramatyk en swarte humor. Sjonger Peter Gabriel stapte op yn 1975 om oan syn solokarriêre te wurkjen. Drummer Phil Collins naam de sang oer. Under syn ynfloed smiet de band yn de tachtiger jierren it roer om mei mear tagonkliker wurk wat de band in soad hits oplevere. Yn 2000 gie de groep útinoar, mar yn 2006 en yn 2020 folgen twa reünys.
Fluch de feiten
Genesis | ||
band | ||
Genesis yn 2006 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1967–2000 | |
label(s) | Decca, Charisma, Virgin | |
webside | Genesis Music | |
âld-leden | Peter Gabriel sang (1967–1975) Anthony Phillips gitaar (1967–1970) Chris Stewart drums (1967–1968) John Silver drums (1968–1969) John Mayhew drums (1969–1970) † Steve Hackett gitaar (1971–1977) Ray Wilson sang (1996–1998) | |
leden | ||
Drums & Sang | Phil Collins | |
Gitaar & Bas | Mike Rutherford | |
Toetsen | Tony Banks |
Slute