From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gemara, yn it Arameesk: גמרא, Gamar, wat "de tradysjeleare" betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinale joadendom, dy't tegearre mei de Mishnah de Talmoed foarmet. De Gemara (ek wol Gemora of Gemarah, of, minder algemien: Gemorra) is in beljochting fan 'e Mishnah (de optekening fan 'e Mûnlinge Torah) en besibbe wurken, dêr't om it jier 500 hinne de lêste hân oan lein waard.
Gemara | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | גמרא ("Gamar") | |
auteur | ferskaat | |
taal | Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 350 – 500 n.Kr. |
De Gemara kaam ta stân troch de yngeande stúdzje fan 'e Mishnah troch generaasjes fan rabbinen yn Mesopotaamje en Palestina. Harren kommentaar en diskusjes waard fêstlein yn in stikmannich boeken dy't úteinlik mei de Mishnah gearfoege waarden ta de Talmoed. Krekt as by de Talmoed besteane der sadwaande twa farianten fan 'e Gemara: de Babyloanyske (út Mesopotaamje) en de Jeruzalimske (út Palestina). As men it hat oer "de Gemara", dan wurdt de Babyloanyske Gemara bedoeld.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.