It Gein is in rivierke fan sa'n 5 km lingte tusken Driemond en Abcoude. It wetter ferbynt de Gaasp mei de Angstel, en rint bewesten it Amsterdam-Rynkanaal hielendal binnen de grinzen fan Abcoude (gemeente de Ronde Venen). It Gein hat twa wegen dy't fan elkoar skieden binnen, nammentlik Gein-Noard en Gein-Súd mei ferkear yn beide rjochtingen.
Op de hichte fan Abcoude is it Rien Nouwen Akwadukt ûnder de Gein boud foar it spoar Amsterdam-Utert, dy't de âlde hefbrêge ferfongen hat. Dêrnjonken is in brêge foar fytsers boud, de "Jan Swinkelsbrug".
It Gein rint troch de Stelling fan Amsterdam en is dêr in part fan. Oan it Gein steane de moles Oostzijdse Molen en Broekzijder Molen en ek in tal monumintale pleatsen dêr't guon fan eigendom fan de Amsterdamske adel west hawwe.
De wyk Gein (de fierst súdeastlike wenwyk fan Amsterdam), en it metrostasjon Gein binne nei it rivierke ferneamd.
Om 1905 hinne waard it rivierke en omkriten geregeldwei skildere troch Piet Mondriaan.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.