Garminge
From Wikipedia, the free encyclopedia
Garminge (Drintsk: Garming is in iesbuorskip yn de gemeente Midden-Drinte (oant 1998 Westerbork) besuden Westerbork, tichtby it buorskip Balinge (suden). Beide plakjes hawwe in mienskiplike marke en ies, de Garminger- en Balingeres, tusken beide yn lizzend, en de ûnbedonge greiden fan de beekdellingen, de Garminger- en Balingergreiden noardwestlik en de Garminger- en Balingerstikken bewesten Garminge.
Yn 1851-1855 wurdt it Balingerfjild súdeastlik fan Balinge (ek) oantsjutten as it Garminger- en Balingerfjild. Boarnen fermelde: Gharminge en Gherminge (1362) en to Grimminge (1381-1383). De betsjutting is: 'by de lju fan de persoan Garm, Germ of Gharen (de moedige)'.
Mei Balinge, Mantinge en Bruntinge is Garminge in satellytdelsetting fan Westerbork; it gebiet wurdt pleatslik 'Broekstreek' neamd.
Skimpnamme foar de ynwenners: Stalpaolen (stive, houten, net bot ploaibere lju).