From Wikipedia, the free encyclopedia
In galge is in, meast houten, stellaazje dêr't feroardielden mei deamakke wurde troch ophingjen. In galge kin part wêze fan in skavot; wurdt yn Nederlân ek wol wipstrik of wip neamd, nei it lûk dêr't men de feroardielde trochhinne falle lit. Der wiene fêste galgen en galgen dy't nei de eksekúsje wer ôfbrutsen waarden. Johannes Mol syn publikaasje Gallows in Late Medieval Frisia (2007) lit sjen dat yn Westerlauwersk Fryslân yn de lette-midsiuwen it tal galgen tanaam. Neffens Mol waarden dêr lykwols net mear minsken as op oare plakken yn Nederlân ta de dea troch ophingjen feroardiele en wie de galge yn Fryslân ek symboal foar de juridyske selsstannigens fan in doarp of grytenij. Under it bewâld fan de Habsburgers waard it tal galgen hurd leger.
Ein Lette Midsiuwen kaamen der rûnom yn Fryslân galgen te stean. Sa'n stik eksekúsje-ark joech oansjen en ûnderstreke de soevereiniteit. Oan guon skavotten hat nea ien hong. Tusken 1450 en 1500 waarden der in fjirtichtal stellaazjes oprjochte. Yn 1515 - doe't de lêste oarloch tsjin Hollân begûn, wêrnei't Frylân ûnder gesach fan de Habsburger Karel V kaam- hie it Fryske lân tusken Fly en Lauwers seker 41 galgen. Dochs bleau it tal ophingings lyk, yn de sechtjinde iuw sa'n 4 á 5 yn it jier.
Eartiids hiene grutte, mar ek wol lytsere, plakken it rjocht fan galge en rêd. Oeral binne noch nammen dy't de neitins oan it plak dêr't in galge stien hat libben hâlde. Sa goed as alle alve stêden en alle tritich gritenijen hiene om 1500 hinne in eigen skavot.
De fêste galge stie meast op in plak dêr't er al fan fierens goed yn it each foel, oan de râne fan de stêd of fan it rjochtsgebiet yn it gefal fan grytenijen, bygelyks oan in grutte dyk as feart. Bûten de stêd wie mei om de stank fan de liken. Dy fan Ljouwert stie oan de Harnzer Feart, dêr't no soarchfersekerder De Friesland sit. De galge fan Barradiel stie oan de Slachtedyk eastlik fan Seisbierrum en dy fan Wymbritseradiel stie oan de noardkant fam de Snitser Mar. Soms hie binnen in gritenij sels in trimdiel (in tredde part fan in gritenij) of fiarndel (as de gritenijen yn fjouwer stikken opdield wie) in eigen galge. In foarbyld hjirfan wie Tytsjerksteradiel, in grutte gritenij. Dêr rjochte in fiarndel om 1485 in eksekúsjewurktúch op benoarden Suwâld. Dit wylst der om 1450 al in 'algemiene galge' boud wie oan de eastkant fan de Burgumer Mar. De measte Fryske galgen rekken yn de rin fan de sechtjinde iuw yn ferfal en ferdwûnen. Yn Ljouwert wie noch lang in sintrale galge. It Amelân hie noch it langste in galge, mooglik oant 1795. It Amelân waard yn 1515 bûten it Fryske gewest hâlden en bleau in saneamde 'frije hearlikheid'. Op in âlde kaart út 1731 stiet de galge tusken Halum en Ballum, op in hege ûnbedike kwelder. In heuvelich gebiet hie faak galgenbergen. Dêr waard it stoflik omskot nei de eksekúsje ophongen as ôfgryslik foarbyld, bedoeld om it bewenners en reizgers dúdlik te meitsjen dat wetshanthavening dêr serieus naam waard.
De galgen wienen benammen bedoeld om ôf te skrikken. Fergelike mei redbrake - immen de bonken brekke op in houten tsjil- en 'koppen'- immen ûnthalzje mei in swurd- wie hingjen it meast ûnearfol.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.