![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/2/28/De_Franse_school_te_Bolsward.jpg/640px-De_Franse_school_te_Bolsward.jpg&w=640&q=50)
Frânske skoalle
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Frânske skoalle wie in ûnderwiisynstelling, dy't opkaam yn de 18e iuw, dêr't Frânsk leard wurde koe, in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske lingua franca.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/2/28/De_Franse_school_te_Bolsward.jpg/320px-De_Franse_school_te_Bolsward.jpg)
Neist Frânsk, dat meast ek de fiertaal op skoalle wie, waard dêr ek skriuwen, rekkenjen en boekhâlden ûnderrjochte. Somtiids teffens Ingelsk, Dútsk en muzyk, dêr't dan faak wol ekstra foar betelle wurde moast. It skoaljild wie 250 oant 500 gûne it jier, dat de skoalle wie allinne weilein foar bern fan begoedige lju.
Der wienen aparte Frânske skoallen foar jonges en famkes (Jonge Heren en Jonge Juffrouwen)[1].
De populariteit fan de Frânske skoallen kaam op rekken fan de Latynske skoalle dy't minder praktyske fakken joech. In protte Frânske- en Latynske skoallen waarden letter omfoarme ta gymnasium of HBS.
De Underwiiswet fan 1857, dy't ûnder oaren de Mulo ynstelde, makke in ein oan de Frânske skoalle yn Nederlân. Yn guon plakken waard de Mulo noch lange tiid Frânske skoalle neamd.