From Wikipedia, the free encyclopedia
Frytum is in wierde yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De wierde, dy't noch folslein geef is, leit oan de râne fan it eardere eilân Humsterlân, sawat healwei de doarpen Oldehove en Noardhorn en hat in hichte fan 2,1 meter boppe NAP. Oarspronklik waard de wierde Mewerd of Meerwerd (mooglik de ierste namme) neamd.
By de wierde hat eartiids in boarch stien, it Fritemahûs. De earste fermelding fan dizze boarch, doe grif noch in stienhûs, is fan 1453. Yn 1678 hie it hûs al net folle betsjutting mear. It steed fan de boarch is noch in bytsje yn it lân te sjen oan in flauwe leechte. Hjirnjonken stiet no de pleats Frytemaheard, dy't in gevelstien mei it jier 1818 hat. Oan de efterkant fan dizze pleats resteart noch in stik fan de eardere grêft fan it Fritemahûs. Oan de oare kant fan de wei stiet in pleats dêr't de namme 'Frytema' en it jiertal '1785' op in gevelstien oanjûn steane.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.