![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/55/Friesenbeflaggung.jpg/640px-Friesenbeflaggung.jpg&w=640&q=50)
Fryske Rie
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fryske Rie is in oerkoepeljende organisaasje dy't de mienskiplike Fryske belangen fertsjintwurdiget. De organisaasje is gearstald út trije regionale rieden (seksjes) en ien sintraal orgaan dy't statutêr as Ynterfryske Rie ynskreaun stiet. It inisjatyf ta de oprjochting is yn de earste helte fan de 20e iuw nommen troch minsken út Westerlauwersk-, East- en Noard-Fryslân. De hjoeddeistige Fryske Rie is offisjeel yn 1956 oprjochte.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/55/Friesenbeflaggung.jpg/640px-Friesenbeflaggung.jpg)
De hjoeddeiske Fryske Rie moat net betize wurde mei de Fryske Rie, fan 1941 oant 1944 ûnderdiel fan de nasjonaalsosjalistyske Stichting Saxo-Frisia, ûnder lieding fan Douwe Kiestra.