Fryske Klassiken
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fryske Klassiken wiene in rige fan fjirtjin klassikers út 'e Fryske literatuer dy't tusken 1992 en 1995 op 'e nij publisearre waarden troch trije ûnderskate útjouwerijen: Utjouwerij Fryslân/Afûk, Utjouwerij A.J. Osinga/Friese Pers Boekerij en de Koperative Utjouwerij. Fierders ferlienden ek de Fryske Akademy, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de Stifting It Fryske Boek har meiwurking oan dit projekt. De kar foar de boeken dy't yn 'e rige Fryske Klassiken útkamen, waard makke troch de útjouwers yn oerlis mei in 'kommisje fan editoriaal tafersjoch', besteande út Philippus H. Breuker, Trinus Riemersma en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Dyselden wiene ek ferantwurdlik foar de tekstbesoarging, en dêrnjonken waard oan elts fan 'e útjeften troch ien fan 'e kommisjeleden in beheinde taljochting op boek, skriuwer en eardere útjeften taheakke. Yn dy artikels, dy't standert efteryn de boeken pleatst waarden, waard û.m. in (tige) koart libbensbeskriuwing fan 'e auteur jûn, waard yngien op it plak fan it boek yn it oeuvre fan dyselde auteur, en waard oanjûn òf en sa ja, yn hokker opsjoch oft dizze nije printinge ferskilde fan eardere edysjes.