Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur/Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, fuortkaam út it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, waard op 27 septimber 1827 troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein oprjochte en is no fêstige yn Ljouwert. It Genoatskip wie, foaral yn de begjintiid, fan wat de 'hegerein' neamd wurde kin. Eeltsje Halbertsma betanke yn 1834 as lid. De reden skreau er oan syn broer Joast: Es gibt Narren aller Art (Gekken binne der yn soarten en mjitten) en hy woe dêr net ien fan wêze. It Frysk waard troch it Genoatskip dan wol bestudearre, fiertaal wie it by harren yn dy begjinjierren út noch yn net. Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "De Vrije Fries" wie foar it meastepart yn it Hollânsk. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in Frysktalich "Friesch Jierboeckjen" ferskynd.