From Wikipedia, the free encyclopedia
Friesach is in histoarysk stedsje yn it distrikt Sankt Veit an der Glan yn de súdlike Eastenrykske dielsteat Karintië. Friesach stiet bekend as de âldste stêd fan Karintië.
Friesach | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Eastenryk |
Dielsteat | Karintië |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.948 (2020) |
Oerflak | 120,81 km² km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 41 / km² |
Hichte | 634 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee fan de gemeente |
It plak waard yn 860 foar it earst neamd en wie oant 1803 in úthôf fan de aartsbiskoppen fan Salzburg. It stedsje makke in grutte bloei ûnder aartsbiskop Eberhard II fan Regensberg (1200-1246), dy't fan Friesach eartiids it op ien nei grutste plak fan it aartsbisdom en it meast wichtige plak fan Karintië makke.
Grutte dielen fan de stedsmuorren, de grêft en ferdigeningstuorren hawwe de brannen en belegerings út de rin fan de tiid oerlibbe. Pas yn 1803 waard it stedsje by Karintië foege.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friesach fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.