From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sint-Frederikustsjerke is in katolike tsjerke yn Sleat. Mei de roomske tsjerken fan De Jouwer, Bakhuzen, Balk, Sint-Nyk, De Lemmer en Wâldsein foarmet de tsjerke de Hillige Kristoffelparochy. De tsjerke is in ryksmonumint.
Sint-Frederikustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Sleat | |
adres | Kapelstreek 223 | |
koördinaten | 52° 53'N 5° 38'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Freark fan Utert | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | A.H. Witteveen | |
boujier | 1933-1934 | |
boustyl | Delftse Skoalle | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 513658 | |
Webside | ||
Webstee parochy | ||
Kaart | ||
Nei de reformaasje hiene de minsken dy't trou bleaune oan it roomske leauwen in plak yn it Achterom om de misse by te wenjen. Under tafersjoch fan it Ministearje fan Wettersteat en meiwurking fan de herfoarme gemeente koe der foar de katoliken yn 1818 in echte tsjerke op it tsjintwurdige plak boud wurde. Dy wettersteatstsjerke waard wijd oan de hillige Frederikus en yn 1933 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke, in ûntwerp fan de arsjitekt Arjen Witteveen út Ljouwert.
Oant 1981 hie de parochy Sleat in eigen pastoar, dy't wenne yn de pastorije by de tsjerke. Dêrnei betsjinnen de preesters fan De Lemmer de roomske mienskip fan Sleat en fanôf 1991 foarme Sleat ien parochy mei Wâldsein, Balk en Bakhuzen. De pastory waard yn de jierren 1980 fan de hân dien. Sûnt 2012 foarmje dy doarpen tegearre mei De Jouwer, Sint-Nyk en De Lemmer ien parochy.
It ienfâldige haadalter wurdt foarme troch in krusifiks boppe in koperen tabernakel op in moarmeren alter. Krekt as it lofts fan de spitsfoarmige apsis steande Marije-alter is it heechalter makke troch Brom út Utert. De bylden fan Marije, Joazef (achter de opmitsele preekstoel) en de patroanhillige Frederikus stamme noch út de wettersteatstsjerke en binne yn 1850 makke. Jaap Ydema út Blauhûs fersoarge de krúsweistaasjes.
Yn de súdlike oan it middenskip steande toer hingje trije klokken út 1948 en 1961, dy't de yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraande klokken ferfongen.
De tsjerke hat ferskate oargels hân. Sûnt 2004 stiet der op de galerij in ynstrumint fan de oargelmakkerij Reil út Heerde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.