Frede fan Ryswyk
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Frede fan Ryswyk is in fredesferdrach dy't op 20 septimber 1697 sletten waard yn Ryswyk, yn it steedhâlderlik paleis Hûs ter Nijburch en in ein makke oan de Njoggenjierrige Oarloch, tusken de Liga fan Augsburch, besteande út it Hillige Roomske Ryk, it Keninkryk Ingelân, Sweden, it Hartochdom Savoaye, it Keninkryk Skotlân, Spanje en de Nederlânske Republyk oan de iene kant en Frankryk oan de oare kant.
Moannenlang wie der in soad te dwaan oer it diplomatike protokol by de plechtigens. Benammen yn hokker folchoarder de diplomaten yn harren koetsen nei it paleis ride soenen, joech in soad stof foar strideraasje. Lang om let waard as kompromis besletten de tagongspoarte ôf te brekken, sadat de Frânske en alliearde koets njonken inoar oer it ferbrede tagongspaed ride koenen. Offurdigers foar de Republyk wienen Jacob Boreel, Hans Willem Bentinck, Anthonie Heinsius, Everard van Weede van Dijkvelt en Willem van Haren.