From Wikipedia, the free encyclopedia
Francisco José De Goya y Lucientes (Fuendetodos, yn de provinsje Zaragoza, Aragón, 30 maart 1746 - Bordeaux, 16 april 1828) wie in Spaanske keunstskilder en graveur.
It wurk fan Francisco Goya heart ta de Barok, Rococo en Romantyk.
De ynfloed fan Goya op lettere keunst is fan belang, omdat syn keunst de tradysjes fan destiids ûndermine. Hy rûn foarút rjochting it ekspresjonisme en it surrealisme. Boppedat skildere hy subjektyf. Syn neidruk op in skerpe foargrûn en in dizeniger eftergrûn rint foarút op de keunst fan Manet. Troch de wurken út syn lettere perioade wurdt Goya sjoen as in foarrinner fan de moderne keunst.
De bysûndere styl dêr't er oan de ein fan syn libben skildere wurdt faak apart beneamd. Fjirtjin wurken út dizze tiid stean bekend ûnde de namme de Swarte Skilderijen.
De skilderijen binne ûnder oare te sjen yn:
It libben fan Goya is yn ferskate film portrettearre:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.