Fort Lauderdale (Floarida)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fort Lauderdale (útspr.: [fɔɹt 'lɔ:dəɹde:l], likernôch: "fort lôderdeel"), faak skreaun as Ft. Lauderdale, is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Dit plak leit oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân, op 37 km benoarden it bekendere Miami. Fort Lauderdale is it haadplak fan Broward County, en hie, neffens in offisjele skatting út 2013 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo, doe goed 172.000 ynwenners. De stêd makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Súdflorideeske Stêdekloft (South Florida Metropolitan Area), mei yn totaal mear as 5,7 miljoen ynwenners, dy't fierders û.m. bestiet út Miami, West Palm Beach, Boca Raton en Miami Beach.
Fluch de feiten
Fort Lauderdale | ||
De Nije Rivier, yn it sintrum fan Fort Lauderdale. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Broward County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 172.389 (2013) | |
Oerflak | 99,9 km² (ynkl. wetter) 90,0 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.838,3 / km² | |
Stêdekloft | Miami | |
Hichte | 2,75 m | |
Oar | ||
Stifting | 1893 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 26°08′00″N 80°09′00″W | |
Offisjele webside | ||
www.fortlauderdale.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Fort Lauderdale yn Broward County en yn 'e steat Floarida. |
Slute